Monday 18 May 2015

Alvestêde-oldtimer Rally 2015

Yn Sleat is sneon de Alvestêde-oldtimer Rally begûn, it grutste evenemint fan Europa mei mear as 400 auto's en 200 motoaren dy't foar 1950 makke binne.

It grutste part fan de auto's en motoaren komt út de jierren tweintich en tritich.
De rally bestiet sûnt 1985.

Se ride by de alve stêden del, fan Drylts, Snits, Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen en Starum. Se einigje yn Sleat.